Friese Milieu Federatie yn noed oer Regionale Energiestrategie provinsje
De Friese Milieu Federatie (FMF) hat soargen oer de Regionale Energiestratie (RES) dy't provinsje Fryslân freedtemoarn presintearje sil. Hjiryn stiet beskreaun hoe't de provinsje de kommende tsien jier duorsume enerzjy opwekke wol.

Deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Bert Wassink presintearje om tsien oere de Regionale Energiestrategie Fryslân, ek wol de RES 1.0. It is in notysje fan de provinsje dêr't yn stiet hoe't Fryslân it Klimaatakkoord útfiere sil. De RES-Fryslân is ta stân kaam yn gearwurking mei Fryske gemeenten, provinsje en Wetterskip Fryslân. Sy hawwe de Fryske ambysje formulearre om 3 terawattoere (Twh) enerzjy op te wekjen yn 2030, op in duorsume wize. Hoe't dat barre moat, wurdt freedtemoarn bekend makke.
By it opsetten fan de strategy is ek de Friese Energie Alliantie belutsen, dy bestiet út alve belutsen maatskiplike organisaasjes. Sy hawwe meitocht oer de plannen, lykas stroomnetwurkbehearder Liander.
Hege ambysjes
De Friese Milieu Federatie is ien fan de belutsen organisaasjes. Sy binne tige posityf dat de provinsje it opwekjen fan enerzjy omheech brocht hat. "De ambysje fan Fryslân is ferhege. Yn de konseptferzje wie it doel noch 2,3 Twh en dat giet no nei 3 Twh", fertelt Gerard Adema fan de FMF.
Mar neffens de organisaasje hie it noch wol wat heger kinne. "As wy sjogge nei 2030 dan hawwe wy noch folle mear stroom nedich as dy 3 Twh. Dat hie fan ús wol nei 3,4 Twh mocht."
Terawattoere
Je kinne op ferskate wizen enerzjy opwekje. Om 1 terawattoere oan enerzjy op te wekjen, hawwe je nedich:
Nederlân hat as ambysje om yn 2030 35 Twh oan duorsume enerzjy op te wekjen. Fryslân hat neffens de RES 1.0 as doel om dan 3.0 Twh op te wekjen.

It lân is ferdield yn tritich regio's dy't allegearre in enerzjystrategy oan it Ryk leverje. "Dêryn wurdt eins in bod dien oan it Ryk oer hoefolle enerzjy in regio produsearje en opwekje wol mei grutskalige sinne- en wynprojekten op lân", fertelt Adema. Dat de ambysje fan de provinsje omheech gien is, is dus posityf neffens de organisaasje. Dochs libje der ek soargen.
Net echt konkreet
"De strategy is net echt konkreet ast fregest hoe't we dy 3Twh berikke sille. Der stiet net yn beskreaun wêr't en hoe't wy stroom produsearje. En dêr giet it fansels om: hoe sille we dy ambysje mei ús allen realisearje?", seit Adema. "It is wichtich dat we de ynwenners meinimme yn de prosessen dy't hjir foar nedich binne. De ynwenners fan Fryslân moatte belutsen wurde, dat bart no net."
De 'zoekgebieden' binne 'zoek'
"It wichtichste is dat der noch gjin 'zoekgebieden' definiearre binne troch de provinsje", seit Adema. Yn de útwurking fan de RES moatte op syn minst 'zoekgebieden' foar grutskalige wyn- en sinneparken útwurke wurde. Dat binne gebieten dêr't noch mear ûndersyk nei dien wurde moat, om krekt te sjen wêr't wynmûnen en sinnefjilden komme kinne. "Dêr hat it Ryk om frege, mar safier binne we yn Fryslân noch net. Yn dy sin is der noch net in soad konkreet en dêr meitsje we ús ek wol in bytsje soargen oer", seit Adema.

Dat de plannen noch net sa konkreet binne, soarget der ek foar dat gemeenten harren eigen doelstellingen útfiere. Sa kaam gemeente Waadhoeke dizze wike mei it plan foar in enerzjylânskip by Seisbierrum. "It is hartstikke moai dat sy inisjativen nimme, mar it kin net sa wêze dat eltsenien foar himsels oan de slach giet", fynt Adema. "It is fan belang dat der wol regionale ôfstimming is fan wat der bart en dêrfoar is regionale rezjy nedich."
De FMF hat noed oer de natuer en it lânskip. Sa binne der no al meardere sinneparken yn de provinsje oanlein. "We moatte soarchfâldich mei ús romte omgean, dat kinne wy net faak genôch sizze", seit Adema.
De belibbing fan it lânskip hâldt net op by de gemeentegrinzen, dus dêr moat absoluut 'bovengemeentelijke' rezjy op wêze.
Sinne-enerzjy
De Regionale Energiestrategie fan Fryslân bestiet út it opwekjen fan enerzjy troch sinnepanielen. Wynenerzjy wurdt net meinaam yn de plannen, omdat de provinsje it belied fiert dat der gjin nije wynmûnen bykomme meie op it lân, op in pear doarpsmûnen nei. De FMF hie leaver in kombinaasje fan sinne- en wynenerzjy sjoen yn de strategy. "Mei allinnich de sinne wurdt it in hiele opjefte om safolle terawattoere te produsearjen", seit Adema.
Sinneljedder
De sinnepanielen wêrmei't we enerzjy opwekje, kinne op ferskate plakken pleatst wurde. Foar de Friese Milieu Federatie is it wichtich dat dat fia de sinneljedder giet. Dat betsjut dat sinnepanielen earst op dakken pleatst wurde moate. Pas as der gjin 'restromte' mear is, kin der eventueel útwykt wurde nei lânbougrûn en natuergebiet. "Wy fine it hiel wichtich dat we ús oan de sinneljedder hâlde. Dêrneist is der folle mear mooglik dan dat der no bart. Dat soe noch folle mear stimulearre wurde kinne troch provinsje."
Helberens
De 3Twh dy't Fryslân oandraacht is foar in grut part al ynfolle mei plannen en projekten. Dy projekten om de enerzjy grutskalich te produsearjen hawwe al subsydzjes en fergunningen krigen. "Foar mar in lyts part fan it bod moatte noch plannen makke wurde", seit Adema.
Gerard Adema fan de Friese Milieu Federatie