Grutte brân leit snobbersguodfabryk CCI yn Drachten yn 'e jiske

Brânwachtminsken binne al sûnt 1.45 oere dwaande om in grutte brân út te krijen. Dy lei yn de nacht fan tongersdei op freed in snobbersguodfabryk yn Drachten yn 'e jiske. It giet om it fabryk fan Continental Candy Industries oan De Bolder. De brân is yn in magazyn ûntstien. Doe't de brân ûntdutsen waard, wiene der noch tolve meiwurkers yn it fabryk. Alle meiwurkers binne feilich bûten kaam. Om't der enoarme reekwolken frij kamen, is der in NL-Alert ôfjûn.
Sa seach de brân by it fabryk der nachts út:
"De brân is ûnder kontrôle en wreidet net fierder út. Mar wy binne noch wol oeren dwaande mei it bestriden, want it fjoer is noch net út," seit Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht om 6.00 oere moarns hinne. "It giet om in hiele grutte loads, ik skat sa'n 60 meter breed en 100 meter lang. It fabryk is opdield yn kompartiminten, yn de opslach wie it grutste part fan de brân. Healwei it bedriuw koene wy de brân tsjinhâlde. Mar it fjoer is dus noch net út, wy ferwachtsje dat wy noch wol oeren dwaande binne."

Meiwurkers frijkaam

De meiwurkers binne der op 'e tiid út kaam, jout ek de brânwacht oan. "Sy hearden it brânalarm en dêrtroch ûntdutsen sy dat der yn it magazyn brân wie. Doe hawwe sy de brânwacht alarmearre en hawwe sy it pân ferlitten."
© Noordernieuws/De Vries Media
Yn it magazyn leine allegearre snobbersguod en grûnstoffen opslein. It fabryk makket ûnder oare jelly beans. Der wurkje yn Drachen sa'n 140 minsken en it fabryk fan CCI is yn hannen fan ynvestearringsmaatskippij Bencis.
Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht om 06.00 oere
De melding fan de brân waard om 1.45 oere hinne dien. Oer de oarsaak kin de brânwacht noch neat sizze. Der binne leafst njoggen brânwachten op it plak kaam, dy fan Drachten, Oerterp, Beetstersweach, Jobbegea, Bûtenpost, Surhústerfean, De Gordyk, Burgum en Ljouwert.

Grutte ynset brânwacht

Brinksma: "Dêr binne fuort al fjouwer weinen mei elts seis man oproppen. Mar ek twa heechwurkers mei twa minsken, twa kear in grut wettertransport en in twadde peloton fan nochris fjouwer brânwachtweinen. Dus der is hiel grut opskaald." Der waard út foarsoarch ek in ambulânse oproppen, mar der rekke dus net ien ferwûne.

Der komt noch in soad reek frij

By it bestriden fan de brân hat de brânwacht ferskate strjitten ôfsletten, it giet om de Gaffel, de Fok, de Bolder en de Hemmen. Der komt noch hieltyd in soad reek frij by de brân. It advys bliuwt om ruten en doarren ticht te hâlden en fentilaasje út te dwaan. "Wy sitte op in yndustryterrein, mar oer it wetter hinne leit wol in wenwyk. Wy hâlde ek tafersjoch oft der stikjes delkomme yn de wyk, mar foar no liket dat ta te fallen," jout Brinksma oan.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer om 7.00 oere yn Drachten
It is net sa dat it hiele fabryk plat leit. "Wy hawwe healwei it pân in 'stoplein' makke, dus in part fan it bedriuw koene wy wol rêde. Al is der wol in soad skea fan reek en wetter. It sil foar de ûndernimmers in ramp wêze. Wy binne no yn de faze fan neiblussen, dêrom is der ek in kraan by kaam. Binnen baarnt it noch folop, om der goed by te kinnen, wurde der twa kranen by set. Wy skuorre it iepen om alles goed út te meitsjen."