Man (36) kriget 8 moanne selstraf foar deariden scooterrider

In 36-jierrige beropssjauffeur út Ljouwert moat acht moanne de sel yn foar it deariden fan in scooterrider op de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert. Ek mei hy fjouwer jier net autoride. Doe't it ûngelok plakfûn, wie de man ûnder ynfloed fan speed.
© Shutterstock.com / Aleksandr Gavrilychev
De scooterrider hie de auto fan de man oer de holle sjoen. De auto wie mei 67 kilometer yn it oere rjocht oer in rotonde riden, en rekke dêrnei de scooterrider. Twa wiken foar it ûngelok wie it rydbewiis fan de man ûnjildich ferklearre, nei't hy ûnder ynfloed fan de dyk helle wie op de A12 by Duiven. Neffens de offisier fan justysje hie dat in 'wake-up call' wêze moatten foar de Ljouwerter.
"Als beroepschauffeur had hij zich extra bewust moeten zijn van de gevaren van zijn onverantwoordelijke rijgedrag", sa seit de rjochtbank. Nei syn detinsje moat de man him melde by de reklassearring. Ek moat er himsels behannelje litte by ferslavingssoarch. Fierder moat hy meiwurkje oan drugskontrôles.