50-jierrige Warkumse moat 7500 euro skeafergoeding betelje foar deabiten hûn

In 50-jierrige ynwenster fan Warkum moat 7500 euro skeafergoeding betelje oan de eigener fan in hardershûn, dy't yn 2018 deabiten waard troch de hûn fan de Warkumse. Dy útspraak waard tongersdeitemoarn dien yn de rjochtbank fan Ljouwert.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De heit fan de Warksumse paste op de hûn, doe't dy ûntsnapte. Op de iepenbiere dyk foel hy doe de hardershûn oan. De man krige al earder in boete fan 350 euro, mar doe waard de saak tsjin syn dochter seponearre.
Nei in saneamde Artikel-12 proseduere koe de eigener fan de hûn dochs noch ferfolge wurde. De eigener fan de deabiten hardershûn wie it net om it jild te dwaan. Sy woe graach erkenning, dat ek de 50-jierrige Warkumse ferantwurdlik wie. Dêr wie de kantonrjochter it mei iens.