FNP leit bom ûnder takomstplan foar Zalen Schaaf

It plan fan Turfmarkt BV, dat troch in seleksjekommisje en it kolleezje fan Ljouwert útroppen is ta bêste idee foar de ferbouwing fan Zalen Schaaf, is te let yntsjinne en moat útsletten wurde. Dat seit Jan Willem Tuininga fan de FNP-fraksje yn de Ljouwerter gemeenteried.
Bom ûnder takomstplan Zalen Schaaf
It plan fan Turfmarkt BV rjochtet him op de bou fan apparteminten yn it kompleks en in multyfunksjonele benutting fan de seal mei ateliers en wurkromten. Eric Schot, dy't mei it bedriuw Blue Banner as projektûntwikkeler oan it projekt ferbûn is, reagearret kribbich op it ûndersyk fan Tuininga en de eventuele útslúting fan it Turfmarkt plan.
"Ik vind dit eigenlijk te gek voor woorden. Dat we ons druk maken om dit soort zaken. Het gaat erom of het een goed plan is." Schot lit it oan it kolleezje en de ried fan Ljouwert om de saak op te pakken. "Volgende week is er nog een open podium bij de gemeenteraad. Dan zal ik natuurlijk mijn verhaal doen. Het is dan aan de gemeente om een besluit te nemen."
© Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
Wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert, dy't it projekt yn behear hat, lit witte dat it kolleezje ynkoarten mei in reakje komme sil. Hy hat gjin tiid om foar de mikrofoan op de saak yn te gean.

Plan hjoeddeistich behearder twadde

By de priisfraach einige it plan fan filmer Steven de Jong en Bobby Veenstra, de hjoeddeistige behearder fan Zalen Schaaf, as twadde. Yn dat plan wurdt útgongen fan behâld en útwreiding fan de teäterfunksje fan Schaaf. Veenstra is ferrast oer de útkomsten fan it ûndersyk fan Tuininga en wachtet ôf hoe't it fierder giet. "As de Turfmarkt útsluten wurdt is dat mooglik goed nijs foar ús plannen", seit hy.

Regels binne regels

It plan Agora, fan ûnder oaren eveneminte-organisator Jan Gaastra en dichter/skriuwer Annemarie Lindeboom, kaam by de priisfraach as tredde út de bus. Sy wolle fan Zalen Schaaf in moetingsplak meitsje mei in kulturele en maatskiplike funksje. Gaastra reagearret koart en dúdlik. "Regels zijn regels. En daar moet iedereen zich aan houden. Zo simpel is het."
Neffens de planning nimt de gemeente ein dizze moanne of begjin maaie in beslút oer de plannen.