Bergingsskip Friendship fynt tsientallen papierrollen fan Baltic Tern yn see

In goede wike nei't it skip Baltic Tern fiif konteners ferlear boppe de Waadeilannen, is it bergingsskip Friendship noch drok dwaande om de konteners en ynhâld út see te fiskjen. Want alle fiif konteners binne yntusken fûn, mar noch net alles is út see helle.
De earste trije konteners waarden ferline wike al burgen. Twa fan dy trije sieten fol mei guod dat tige skealik wêze kin foar de natuer: aseton en brûkte bakoalje. Yn de oare konteners sieten houten pallets en rollen papier.
Dy tsientallen rollen papier lizze no yn see en wurde dêr dizze dagen út helle, lit ferkearslieder Peter van Suijlekom fan de Brandaris witte.