75+1: lês hjir hoe’tst dit jier de frijheid betinke en fiere kinst

It is dizze tongersdei 15 april eksakt 76 jier lyn dat Fryslân befrijd waard. Ferline jier soe Omrop Fryslân grut útpakke yn it ramt fan 75 jier frijheid, mar dat is troch corona hiel oars ferrûn. Dit jier wurdt de frijheid grut betocht en fierd yn ús provinsje, ûnder de namme 75+1. Omrop Fryslân jout oant en mei 6 maaie rom omtinken oan alle projekten en aktiviteiten. Fan live-útstjoeringen oant podcasts en muzyk; wy sette alles foar dy op in rychje.
© Omrop Fryslân

Befrijingskonsert op freed 16 april

75+1 wurdt freed ôftrape mei it Befrijingskonsert yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert. De Ljouwerter stedsoargelist Theo Jellema soarget foar muzyk en boargemaster Sybrand Buma hâldt in taspraak. Troch corona dit jier gjin fysike fiering, mar Omrop Fryslân stjoert it livekonsert freed 16 april om 15.00 oere út. Jûns om 21.00 oere wurdt it konsert werhelle. Sa kinst it konsert dit jier yn dyn eigen wenkeamer dochs noch 'live' meibelibje!
© Omrop Fryslân

Smokkelbern: dokumintêres en in podcastrige

Yn de lêste jierren fan de Twadde Wrâldoarloch binne hûnderten Joadske bern yn it geheim nei Fryslân smokkele. It ferhaal fan dizze 'smokkelbern' fertelt Omrop Fryslân mei in fiiftal Fryslân DOKs, in live-útstjoering én in tsiendielige podcastrige.
Yn de Fryslân DOK-rige wurdt de 'bernesmokkel' fan Amsterdam nei Fryslân rekonstruearre. De fiif ôfleveringen binne fan 17 april oant en mei 16 maaie te sjen by Omrop Fryslân en NPO2.
Programmamakker Gerard van der Veer oer Smokkelbern
Yn de oanfoljende podcastrige fan Smokkelbern kinst lústerje nei de bysûndere en oangripende ferhalen fan de bern dy't ûnderdûkt west ha.

Kontakt oer de wrâld

Op 25 april komme tsientallen ûnderdûkbern byinoar yn in spesjale tv-útstjoering. Fia live-ferbiningen praat Omrop Fryslân mei dizze 'bern', dy't hjoed-de-dei tachtich jier binne en oer de hiele wrâld wenje.
© Omrop Fryslân

Deadebetinking op 4 maaie

Op 4 maaie is de Deadebetinking live by Omrop Fryslân te folgjen. De betinking fan dit jier fynt plak yn de Prinsetún yn Ljouwert. Foarsitter fan de provinsjale betinking, Sybrand Buma, sprekt dêr de betinkingsrede út. Muzikale begelieding is der fan de Fryske Ambassadeur fan de Frijheid, De Kast. In learling fan OSG Piter Jelles draacht in selsskreaun gedicht foar.
© Omrop Fryslân

Befrijingsfestival live op 5 maaie

Spitigernôch kinne wy dit jier noch net mei ús allen byinoarkomme op Befrijingsdei. Dochs wurdt de befrijing grut fierd! Op 5 maaie kinst nammentlik fan 17.15 oere ôf by Omrop Fryslân sjen nei in live-útstjoering mei bysûndere ynterviews en reportaazjes. It programma sit fol mei muzikale bydragen fan Tino Martin, Davina Michelle, De Kast, Wulf, Boaz, Electric Hollers en Wiebe Kaspers.
© Omrop Fryslân

Live-útstjoering 75 jier 'Stichting Friesland 1940-1945' op 6 maaie

Dit jier bestiet 'Stichting Friesland 1940-1945' 75 jier. Wêrom waard dizze stichting yn it libben roppen? Mei Arno Brok en Sybrand Buma wurdt weromsjoen op de ôfrûne 75 besteansjierren fan de stichting. Ek sille sy it tinkteken dat spesjaal foar de stichting makke is ûntbleatsje yn de Blokhúspoarte. De live-útstjoering is 6 maaie om 16.00 oere op telefyzje te sjen en wurdt fan 21.00 oere ôf alle healoeren werhelle.
De Kanadeeske flagge hinget út yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Omrop Fryslân hat yn it ramt fan 75+1 jier Frijheid ferskate programma's, aktiviteiten en projekten yn petto. Lês alles dêroer op omropfryslan.nl/75plus1.