Berntsje slim ferwûne nei oanriding mei auto yn Dronryp

Yn Dronryp is woansdeitemoarn in ûngelok bard tusken in auto en in fyts. Dêrby soe in lyts berntsje slim ferwûne rekke.
© AS Media
It ûngelok barde op de krusing fan de Skries mei de Puoldyk. De automobilist kaam troch ûnbekende oarsaak yn oanriding mei de frou, dy't fytste mei in berntsje yn in sitsje foarop it stjoer. In oar bern fytste derneist op in eigen fyts.
Omstanners ferlienden de earste help. De ferskate helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter, arrivearren net lang dêrnei.
It bern dat foarop de fyts siet - nei alle gedachten sa'n oardel jier âld - soe slim ferwûne rekke wêze en is meinaam nei it sikehûs. Hoe't de frou en it oare bern der oan ta binne, is net bekend.