Operaasje Fryske Flagge: It baarnt Sietze Feenstra yn Nij-Seelân yn as der yn Fryslân iis leit

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike Sietze Feenstra yn Nij-Seelân.
© Sietze Feenstra
Sietze Feenstra wennet no 31 jier yn Tuturau yn Nij-Seelân. Hy is troud mei in famke dat yn Deventer op de hegere lânbouskoalle siet. Sy moast in staazje yn it bûtenlân dwaan en kaam doe nei Nij-Seelân. Tegearre hawwe se twa bern fan 18 en 14 jier.
Feenstra kaam begjin njoggentiger jierren nei Nij-Seelan om te buorkjen. Hy woe graach boer wurde. "Heit en mem yn Fryslân hiene gjin lân", dat dan mar nei it bûtenlân ta. "It lân by jimme is ek sa ferrekte djoer", seit Sietze, ferwizend nei de situaasje yn Fryslân. In pear jier ferlyn is er ophâlden mei buorkjen en no sit er yn de kowe-ynseminaasje en hellet er keallen de hoarnen ôf.
Wat Sietze it measte mist, is de famylje en it reedriden. Dêr soe er graach ris om nei Fryslân ta wolle, "mar jo fleane net sa maklik efkes hinne en wer." As er ris werom is yn Fryslân, dan is dat yn de simmer as der gjin iis leit.
No mei de corona is it dochs al net maklik om te reizgjen en om Nij-Seelân yn te kommen. De grinzen binne ticht foar minsken dy't der net echt hoege te wêzen. Sietze: "Kinst hjir net hinne gean mei fakânsje." Der is suver gjin corona yn it lân. "Ik leau dat se lêsten wer ien gefal fûn hawwe yn Auckland." As minsken binnenkomme, moatte se fjirtjin dagen yn karantêne yn in hotel. Dêr konsintrearje de coronagefallen harren dan ek, as se der al binne. De lêste tiid binne it benammen minsken út Yndia, seit Sietze. "Lêsten wiene der acht coronagefallen. Sân fan harren kamen kamen út Yndia."
Sietze Feenstra
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.