Harns hat de kommende moannen twa slûsdoarren minder

It duorre efkes wat langer as de bedoeling wie, mar tiisdei binne twa fan de grutte, swiere slûsdoarren fan de kearslûs Sas yn de stêd Harns fuorthelle. Nei de foarige renovaasje, hast tweintich jier lyn, binne de stielen slûsdoarren, oandriuwingen en oare ûnderdielen no wer ta oan grut ûnderhâld. Dêr binne der fjouwer fan, de oare twa binne yn maaie oan 'e beurt.
De kearslûs yn Harns kriget in opknapbeurt
Der moat in pear kear in flinke hammer oan te pas komme om de boel los te krijen, mar mei in in lytse trije kertier fertraging is de earste slûsdoar dan dochs los. It gefaarte fan sa'n 40.000 kilo wurdt foarsichtich troch in kraan in pear meter de hichte yn takele en dêrnei op in ponton lein. Dat ponton bringt de slûsdoarren nei Burgum, dêr't se strield en skildere wurde.
De Sas is in kearslûs. Dy is bedoeld om by stoarm, wannear't der bygelyks ekstreme wetterstannen binne, it wetter tsjin te hâlden. By heech wetter gean de doarren ticht, en dan is Harns beskerme tsjin it wetter. Projektlieder Ido Boonstra leit út: "Se binne twa oan twa útfierd, dûbeld dus. Dat is foar de feilichheid. As der in stel stikken is, hast noch in oar stel doarren."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn petear mei projektlieder Ido Boonstra
Dat der no efkes in pear moanne lang twa slûsdoarren minder yn de slûs sitte, smyt gjin gefaar op, seit Boonstra: "We dogge dit bûten it stoarmseizoen. Dan is de kâns op min waar folle lytser. Dêrneist litte wy it oare stel doarren sitte, sadat by heech wetter Harns noch altyd beskerme is."
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Neist it ûnderhâld oan de slûsdoarren wurdt de ynstallaasje reparearre dy't it slyk fuorthellet as de doarren yn gebrûk binne, want dy wurket net goed mear. As alles neisjoen is, kin de slûs wer tweintich jier mei. Neffens Boonstra is it ûnderhâld dêrom tige wichtich: "We hawwe hjir wol te krijen mei sâlt wetter. Dat is foar dizze doarren dochs in agressive omjouwing. It materiaal hat dêrfan te lijen. Wy gean derfan út dat dizze doarren fyftich oant santich jier meikinne, as de boel elke tweintich jier mar goed ûnderholden wurdt."
It wurk oan de kearslûs is nei alle gedachten begjin july klear. De totale kosten wurde rûsd op sa'n 800.000 euro.
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar by kearslûs Sas yn Harns