Tornike Tsjakadoea net nei EK judo troch coronabesmetting

Tornike Tsjakadoea nimt takom wykein net diel oan it Europeesk Kampioenskip judo yn Portugal. De berne Ljouwerter hat in coronabesmetting oprûn en is net op tiid opknapt.
© Orange Pictures
Tsjakadoea soe meidwaan yn de kategory oant en mei 60 kilogram. It net dielnimmen oan it EK hat foar Tsjakadoea yn prinsipe gjin gefolgen foar de Olympyske Spelen. Dêrfoar hie hy him al pleatst.