Driezumer (21) krijt wurkstraf foar trije mishannelingen

In 21-jierrige man út Driezum hat in wurkstraf fan hûndert oeren krigen, fanwege trije mishannelingen. Ien fan de ynsidinten spile him yn juny fan it ferline jier ôf yn Twizelerheide. De man krige doe spul mei syn freondinne.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Doe't de man yn de auto fuortried by syn freondinne, hold sy de doar fêst en waard se meisleept. Se foel en doe ried de man oer har pols hinne. In moanne letter krige it stel wer spul. In frou dy't de boel delbêdzje woe, krige in stomp tsjin de noas en de freondinne in triuw. Njonken de wurkstraf moat de man 350 euro smertejild betelje oan de frou dy't in stomp tsjin de noas krige.