Omjouwingsfûns Wynpark Fryslân offisjeel úteinset: ynvestearje yn regio

De Stichting Omgevingsfonds Windpark Fryslân is offisjeel úteinset. Dizze stichting sil de kommende tweintich jier alle jierren sa'n 720.000 euro ynvestearje yn lokale projekten oan de Iselmarkust. Dat wurdt dien mei de opbringsten fan it wynpark, dat op dit stuit oanlein wurdt.
© Omrop Fryslan
Der wurdt noch drok boud oan it wynpark, de bedoeling is dat fan july ôf de 89 wynturbinen enerzjy leverje kinne. In part fan de opbringsten moat dus útjûn wurde oan it ferbetterjen, ferduorsumjen, fernijen en ferbinen fan de Iselmarkust yn Súdwest-Fryslân.
Foarsitter fan de stichting is Siem Jansen fan Ljouwert. In advysrie beoardielet de yntsjinne foarstellen en bestiet út ferskate doarpsbelangen. Ek It Fryske Gea en it Watersportverbond hawwe in sit.