Ruurd Wiersmahûs Burdaard wurdt opknapt, te begjinnen mei skilderwurk bûtenom

It museum it Ruurd Wiersmahûs yn Burdaard wurdt restaurearre. De skilders binne moandeitemoarn úteinset mei harren wurk. Neffens foarsitter Sybren van Tuinen fan it museum wie dat ek echt wol nedich. "It begûn oan de bûtenkant te raffeljen en op guon plakken te rotsjen. Wy moasten it wol oanpakke", seit de foarsitter.
It Ruurd Wiersmahûs wurdt opknapt
Van Tuinen hopet dat it museum der ynkoarten wer op en top by stiet, sa't it yn orizjinele steat ek wie. "Dat dit no bart, is gjin tafal. Nei alle gedachten mei it museum aanst noch net iepen en dus kinne de skilders no ûnbehindere harren wurk dwaan."
De stichting draait op frijwilligers. Se krije in behoarlike bydrage fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Se hawwe it it ôfrûne jier sunichoan dien mei it jild om de opknapkosten betelje te kinnen.
De skilderjende molkfarder Ruurd Wiersma wenne oant syn ferstjerren yn 1980 yn it húske yn Burdaard. Hy makke naive skilderkeunst. Yn syn wenkeamer beskilldere er alles wat los en fêst siet. Oan de muorre is in grut panoramawurk te sjen mei de fjouwer seizoenen. Sels it plafond, de meubels en de toffels beskildere er.