Rjochtbank Ljouwert fan july ôf ek bûtendoar folslein smookfrij

It duorret noch efkes, mar fan 1 july ôf mei der bûtendoar by de rjochtbank yn Ljouwert net mear smookt wurde. Dat jildt foar it hiele terrein fan it gerjochtshôf.
Smoke © Shutterstock.com
Yn it rjochtbankgebou mei al folle langer net mear smookt wurde. Om it smookferbod bûtendoar oan elkenien bekend te meitsjen, wurde der by it rjochtbankgebou buorden delset en stickers plakt.