Leanekeatsen yn Harns giet dit jier troch, mar wol in pear moannen letter

It jierlikse Leanekeatsen yn Harns giet dit jier, sa't it no liket, troch. Net yn juny, sa as oare jierren, want dat komt te betiid neffens it organisaasjekomitee. Se ha it toernoai ferpleatst nei 10, 11 en 12 septimber.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Foarich jier gong it keatsen op De Lanen yn Harns hielendal net troch, mar dat wol it komitee dit jier foar sjen te kommen. It hie miskien wol yn juny kind, mar dan hie it sûnder publyk moatten. En dat wol de organisaasje net. "De kracht van het Lanenkaatsen is juist de wisselwerking tussen kaatsers en publiek en maakt dit evenement zo bijzonder."
De ôfrûne moannen hat it komitee sjoen nei ferskate senario's. Ferpleatse nei july en augustus woenen se net, fanwege de fakânsjeperioade, it EK fuotbal en alderhande aktiviteiten yn de stêd. In probleem om it yn septimber te dwaan is dat it jûns earder tsjuster is. Dêrom dogge se it no yn in lang wykein, en dan dus ek oerdeis. "We beseffen dat er ook in deze vorm kaatsers en bezoekers misschien niet mee kunnen doen in verband met andere verplichtingen. Aan de andere kant biedt het ook weer mogelijkheden voor kaatsers die doordeweeks niet mee zouden kunnen doen. Kortom: een gewogen beslissing."