Undernimmer Sjuk út Burgum slachtoffer fan coronafraude: "Samar ynienen doarwarder op 'e stoepe"

Ynienen stie der in doarwarder op 'e stoepe by it bedriuw fan Sjuk Veenstra fan Burgum. Op namme fan syn bedriuw wie mear as 58.000 euro coronastipe fan it Ryk oanfrege, mar Veenstra wist dêr sels neat fan. It jild wie oermakke nei de rekken fan in oar.
Sjuk Veenstra © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Troch te fraudearjen mei bedriuwsgegevens fan besteande bedriuwen, slagget it kriminelen om ûnterjochte grutte bedragen oan coronastipe fan it Ryk binnen te heljen. Dat blykt út ûndersyk fan RTL Z en RTL Nieuws. It muoit Veenstra dat de dieder soks wol hiel ienfâldich dwaan koe: "Ik bin derfan skrokken, mar ik bin der ek hiel lilk oer dat it sa maklik kin."
It stekt Veenstra dat er as fraudeur betitele waard, wylst er slachtoffer is
As dúdlik wurdt dat der wat misgiet, wurdt de legitime eigener fan it bedriuw dêrop oansprutsen troch de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland. Dat oerkaam dus ek ûndernimmer Veenstra.

Befeiliging op it leechste nivo

De dieder hat op namme fan Veenstra syn bedriuw in saneamde e-Herkenning oanfrege; in soarte fan DigiD foar bedriuwen. De befeiliging dêrfan troch de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland (RVO) stie foar it oanfreegjen fan de Tegemoetkoming Vaste Lasten (TVL) op it leechste nivo ynsteld. De kontrôle op de gegevens yn de oanfraach foldie ek net. Want ôfsjoen fan de Keamer fan Keaphannel-gegevens doogde der neat fan alle oare ynformaasje.
De befeiliging wurdt no wol stranger, sa hat it RVO dúdlik makke tsjinoer RTL. It stekt Veenstra wol dat hy yn earste oanset as fraudeur betitele waard, wylst hy slachtoffer is. It hat him in soad tiid, ynset en nachtrêst koste om dúdlik te meitsjen dat der hiel wat oars oan 'e hân wie.