Plysje siket tsjûgen fan swiere mishanneling op De Drift yn Drachten

De plysje is driuwend op syn nei tsjûgen fan in swiere mishanneling op De Drift yn Drachten. De mishanneling barde sneontejûn om 21.00 oere hinne. De plysje wit dat der nei njoggenen twa froulju oer De Drift rieden. Sy hawwe by in makelderskantoar op 'e hichte fan it Raadhuisplein de auto oan de kant set en it slachtoffer oansprutsen. Dêrmei hawwe sy neffens de plysje mooglik slimmere gefolgen foarkaam.
© Shutterstock.com (zef art)
De plysje komt graach yn kontakt mei de twa froulike tsjûgen fan de mishanneling. De plysje hat net bekend makke wat der krekt mei it slachtoffer bard is en hoe't it mei dizze persoan ôfrûn is.