Milan (7) krijt rolstoelbakfyts: "Hij gaat net zo snel als Max Verstappen!"

De 7-jierrige Milan Post fan Noardwâlde hat sneon in elektryske rolstoelbakfyts krigen. Milan hat de selsume sykte neurofibromatose. Mar sa'n ien op de 3.000 bern krijt dizze neurologyske oandwaning, dêr't in soad groei fan tumoaren by sjen komt. It is in ûnfoarspelbere sykte, dy't foar in soad minsken ûnbekend is. Milan is tige wiis mei syn nije rolstoelbakfyts. "Leuk", sei er, "hij gaat net zo snel als Max Verstappen!"
In rolstoelbakfyts foar Milan:
Neurofibromatose is noch net te genêzen. De behanneling fan de sykte is it meast rjochte op de ûntwikkeling fan de bern en it sa betiid mooglik opspoaren fan komplikaasjes. "Het is met name een huid- en zenuwaandoening", leit Milan syn mem Amber út. "Het ziektebeeld is een ongeremde groei van goedaardige tumoren. Je maakt een bepaald eiwit niet aan, waardoor die cellen kunnen groeien. Alles kan ontregeld raken."

Frijheid

De rolstoelbakfyts is tige wolkom yn de húshâlding. "Ik heb zelf geen rijbewijs en als mijn vriend weg is en ik met Milan weg wil, kon dat alleen in de buurt. Dus deze rolstoelbakfiets geeft ons een hoop vrijheid", seit Milan syn mem.

Ronde Tafel 182

De rolstoelbakfyts is skonken troch 'Ronde Tafel 182 Wolvega', de lokale ôfdieling fan de Nederlandsche Tafelronde. Dat is in feriening foar jonge manlju dy't harren út freonskip wei ynsette foar it goeie doel. De ôfdieling yn Wolvegea fynt it prachtich om it libben fan Milan wat mobiler meitsje te kinnen mei de elektryske rolstoelbakfyts.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma wie by Milan Post
© Ronde Tafel 182 Wolvega
It jild foar de fyts is ophelle mei in jierlykse wyn- en bieraksje. "We hebben jaarlijks een goede doelen-actie. Dat bestaat uit kerstbomen verkopen, bierpakketten en wijnsoorten verkopen. We zoeken ieder jaar binnen onze gemeente naar goede doelen. Twee van onze leden wonen in deze straat en kwamen met deze suggestie. Daar stonden wij direct achter met z'n allen", fertelt Theo Mestemaker fan Ronde Tafel 182.