Auto fan de A7 rekke by Drachtsterkompenije

By Drachtsterkompenije is in auto fan de sneldyk A7 rekke. Dat barde freedtejûn krekt foar middernacht. Njonken de plysje en Rykswettersteat is der ek in ambulânse op it plak kaam ta kontrôle fan de bestjoerder fan de auto.
© Noordernieuws/De Vries Media
It is net bekend makke hoe't it ûngelok krekt barre koe. De bestjoerder is nei it sikehûs brocht.