RIVM: 224 nije coronabesmettingen yn Fryslân, twa stjergefallen

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 224 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der seis minder as tongersdei, doe gie it om 230 nije besmettingen. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed alle dagen 212 nije besmettingen by kaam.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (36). Dêrnei komme Ljouwert (25) en De Fryske Marren (24).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeente Ljouwert.
Der binne gjin nije sikehûsopnames yn ús provinsje meld.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne freed 7.716 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 6.760 deis.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.