Fertochten klûskreak oppakt

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje fan Flevolân hat tongersdeitenacht fjouwer fertochten fan in ynbraak op It Hearrenfean oanhâlden. Se wiene ûntkaam nei in wiere klopjacht fan de plysje, neidat se besocht hiene in klûs te stellen. Dat wie mislearre en dêrnei wiene se útnaaid yn in auto.
Nei in achterfolging rekke de plysje de fertochten kwyt. De auto waard letter by Bant weromfûn. Ien fan de ynbrekkers koe doe oppakt wurde. De oare fjouwer, in frou en trije manlju waarden tongersdeitenacht oanhâlden neidat in plysje yn boarger se sjoen hie.