Politike fragen oer mooglik ferdwinen streekkranten fan NDC

De CDA-fraksje yn de gemeente Achtkarspelen stelt fragen oer de streekkranten fan útjouwer NDC dy't driigje te ferdwinen. NDC is ek de útjouwer fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd. It bedriuw sjocht gjin perspektyf mear yn ûnder oare de alve hûs-oan-hûsblêden yn Fryslân. Yn Achtkarspelen jout NDC De Feanster út.
Hûs-oan-hûskranten fan NDC Mediagroep © Omrop Fryslân
It CDA hat al fernaam dat de sjoernalistyk dy't De Feanster bringt, hieltyd minder wurden is. De partij wol witte oft it kolleezje fan de gemeente neitinkt oer in eventueel oar hûs-oan-hûsblêd.
In oare opsje is om de ynformaasje yn de gemeente op in oare wize te fersprieden, tinkt it CDA. "Om papier (en dus bomen) te besparen zou ook nagedacht kunnen worden over een meer prominentere rol voor RTV NOF", seit de partij. "Of in overleg met de kabelmaatschappijen en in samenwerking met de ANNO-regio het vrijmaken van een (extra) tv-kanaal voor nieuws uit de gehele ANNO-regio."
NDC is koartlyn oernaam troch it Belgyske Mediahuis, dat al langer dwaande is om wykkranten te ferkeapjen. It docht bliken dat winst mei de lytse kranten suver net mooglik is fanwegen de tsjinfallende advertinsje-ynkomsten. Neffens RTV Noord is it net de bedoeling dat NDC noch in part fan de kranten behâldt: it is alles of neat. It giet ek om kranten yn Grinslân en Drinte. De ceo hat oan RTV Noord witte litten dat oernamepartijen 'niet in de rij staan'. Binnen it personiel fan NDC is der ûnrêst oer it ôfstjitten.