Kontener mei aseton oantroffen troch kustwacht, fjouwer oare konteners spoarleas

Ien fan de fiif konteners dy't boppe It Amelân yn see bedarre is, is feilichsteld troch de Kustwacht. It giet om in kontener mei aseton. In grutte sleepboat fan de Kustwacht hat in tou oan de kontener fêstmakke. De fjouwer oare konteners binne poater. Se binne net mear sjoen. Trije dêrfan sitte wol mei drûch guod, en ien kontener is leech.
© Kustwacht
De Kustwacht ûndersiket hoe't de kontener feilich burgen wurde kin.
It kontenerskip dat de konteners ferlear, de Baltic Tern, is yntusken yn Rotterdam. It skip kaam út Sint-Petersburg.

Rykswettersteat: Reder is oanspraaklik

Rykswettersteat hat de rederij fan it skip dat de konteners ferlear, oanspraaklik steld. Dat meldt in wurdfierder fan Rykswettersteat. "De contacten met de reder lopen volop. We hebben het bedrijf verzocht te beginnen met de berging."
MSC Zoe, doe ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld, ferlear goed twa jier lyn 342 konteners boppe de Waadeilannen. In jier letter gong it mis mei de OOCL Rauma, dat sân konteners ferlear boppe Skylge en It Amelân. En dizze wike rekken ferskate kontenerskippen yn de problemen, lykas de Escape en de Baltic Tern. Sjoch foar al it nijs dêroer op ús dossierside.