Stichting De Noordzee wol aksje tsjin kontenerskippen: "Nog 800.000 kilo afval in zee"

Ewout van Galen fan Stichting De Noordzee wol leaver net fertelle wat er sei doe't er hearde dat der wer in skip konteners ferlear boppe de Waadeilannen. Fiif konteners rekken woansdei oerboard fan de Baltic Tern. Dat barde sa'n 27 kilometer boppe It Amelân. "Het lijkt er toch op alsof we niets hebben geleerd van de MSC Zoe."
De Baltic Tern © Kustwacht
Ewout van Galen (Stichting De Noordzee) en Bas Buchner (MARIN) oer de problemen mei kontenerskippen
It skip fear nei alle gedachten yn de súdlike farrûte. Mar watfoar farrûte de Baltic Tern ek naam, dat wie yn alle gefallen gefaarlik. Dat seit Bas Buchner fan maritym ûndersyksynstitút MARIN. Dat hat ûndersyk dien nei de gefolgen dy't hege weagen ha op kontenerskippen. "We hebben gekeken naar grote containerschepen zoals de MSC Zoe, maar ook naar feeders, zoals de Baltic Tern."
Dat binne relatyf lytsere skippen. Sa is de Baltic Tern sa'n 170 meter lang, minder as de helte fan de MSC Zoe. "En of die kleinere schepen nou in de zuidelijke óf noordelijke route varen, dat maakt niet zoveel uit. Beide routes zijn erg gevaarlijk bij golven van hoger dan 3,3 meter. De golven waren gisteren tussen de 4,5 en 5,5 meter hoog. Dus in beide routes liep het schip gevaar."
MARIN brocht yn byld hoe't it misgean koe mei de MSC Zoe:
Safolle konteners as de MSC Zoe begjin 2019 ferlear (342), sa raar giet it dizze wike net. Mar it makket alle partijen dy't har ynsette om nije kontenerrampen foar te kommen wol mismoedich. "Kijk naar het aantal incidenten", seit Van Galen. "De Baltic Tern die containers verliest, de Escape die rondjes heeft gedraaid en een stuurloos schip bij Noorwegen. Allemaal tegelijk."

'Minister hat te min dien'

Van Galen fynt dat minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuur te min dien hat mei de oanbefellings fan it ûndersyksrapport nei oanlieding fan de MSC Zoe. "Die ramp hebben we nog vers in het geheugen, er zijn verschillende onderzoeken gedaan naar de oorzaak. Er is ook een motie geweest om de Kustwacht meer bevoegdheid te geven, maar die is nog niet uitgevoerd. Ik weet niet waarom de minister dat nog niet heeft gedaan", seit Van Galen. De Onderzoeksraad spruts ek út dat kontenerskippen net mear oer de ûndjippe, súdlike rûte farre moatte.
No is it noch sa dat de Kustwacht allinnich noch mar advys jaan kin as in skip by Teksel kiest tusken de noardlike of súdlike farrûte boppe de Waadeilannen. Ut ûndersyk fan ûnder oare MARIN is dúdlik wurden by watfoar weagen it net mear feilich is om te farren op ien fan de rûtes. Mar fierder as in advys giet it net, úteinlik bepaalt de kapitein sels wat er mei dat advys docht.
Van Galen: "Ik zeg altijd: never waste a good crisis. We moeten echt lering trekken uit het verleden. Dus de Kustwacht moet meer bevoegdheid krijgen. Die moet kunnen zeggen: óf helemaal niet varen óf een andere route nemen." Fierder wol Stichting De Noordzee dat Nederlân mei Denemarken en Dútslân oplûkt om de Waadeilannen better te beskermjen tsjin kontenerferlies. Dat wie ek ien fan de oanbefellings fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid.

Noch altyd 800.000 kilo ôffal yn see

"We zijn heel erg bang dat dit zich weer gaat herhalen. Er ligt nog steeds 800.000 kilo afval in zee. De Noordzee is ons grootste natuurgebied en de Waddenzee is nota bene een werelderfgoedgebied. Daar moeten we op passen. Plastic vergaat niet."
Buchner wol net sizze dat der in farferbod komme moat by bepaalde omstannichheden. "Ik ben geen politicus." Mar dúdlik is dat it by sokke weagen as fan dizze wike net feilich is om te farren. "En deze kapitein voer toch door. Misschien kende hij het gevaar niet of hij heeft het gevaar gegeneerd."
MSC Zoe, doe ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld, ferlear goed twa jier lyn 342 konteners boppe de Waadeilannen. In jier letter gong it mis mei de OOCL Rauma, dat sân konteners ferlear boppe Skylge en It Amelân. En dizze wike rekken ferskate kontenerskippen yn de problemen, lykas de Escape en de Baltic Tern. Sjoch foar al it nijs dêroer op ús dossierside.