LDODK wiis mei testevenemint: "Belangryk dat de jeugd wer sporte kin"

Fryslân krijt tal fan testeveneminten om te sjen oft negative coronatestbewizen tagong ta eveneminten mooglik meitsje kinne. Ien dêrfan is in kuorbaltoernoai op De Gordyk. De organisaasje is yn hannen fan it kuorbalbûn, mar it evenemint wurdt holden by kuorbalklup LDODK.
© Omrop Fryslân
"Der dogge acht teams fan fjouwer ferieningen mei, dan komme der 120 bern fan 14, 15 jier op it fjild", seit foarsitter Gouke de Vries. "Ik bin bliid dat de bern no dizze primeur ha en net de topsport."
De klup hie oanjûn oan in proef meiwurkje te wollen. " Ferline wike hie ik al kontakt mei de wethâlder. Dy hie in brief krigen fan it ministearje en fan it bûn hearden we juster dat it trochgie. We hawwe ûnderfining mei de Kuorbal League en teststrjitten, dus we kinne it maklik organisearje." Hy fynt it belangryk dat de jeugd wer sporte kin.
No earst sil er frijwilligers sykje om te helpen. "Dy ha we wol binnen de klup, dus dat komt goed. En we hoopje dat we de neikompetysje noch spylje kinne yn de foarsimmer. Dat soe bysûnder wêze. Dat we yn maaie en juny noch tsjin oare ploegen yn de regio spylje kinne. Dêr ha de bern wol ferlet fan."
Gouke de Vries