'Utjouwer NDC hâldt op mei hûs-oan-hûskranten'
De útjouwer fan de Ljouwerter Krante wol ophâlde mei alle hûs-oan-hûsblêden. Der soe by it bedriuw gjin perspektyf mear wêze foar de tsientallen wyk- en nijsblêden dy't yn it Noarden fan Nederlân ferspraat wurde.
NDC hâldt op mei blêden
Neffens de NDC Mediagroep is it hast net mear mooglik om winst te meitsjen mei de streekkranten, dêr't net foar betelle wurdt. Dat meldt RTV Noord. It giet dan ûnder oare om it Sneeker Nieuwsblad, de Drachtster Courant en de Huis aan Huis. De advertinsje-ynkomsten foelen al ôf, en troch it coronafirus soe dat allinne noch mar slimmer wurden wêze. De útjouwer kaam yn grutte problemen.
Earder dit jier waard al dúdlik dat der in ein komt oan it nijsblêd de Bildtse Post. Dy krante waard útjûn troch in oare útjouwer, dy't dermei ophâlde wol. In nijenien wie net te finen; minsken fan de krante ha der fiif jier om socht.

It personiel fan de NDC Mediagroep moat noch ynformearre wurde oer de gefolgen fan yndividuele meiwurkers. Oant dy tiid wol de NDC Mediagroep net reagearje op it nijs, seit Evert van Dijk fan de direksje. "Wat er ook besloten wordt, we informeren eerst het personeel."
'Een trieste ontwikkeling'
Sekretaris Paul Teixeira fan it sjoernalistefakbûn NVJ seit by RTV Noord dat er him grutte soargen makket oer it mooglike ferdwinen fan de wykblêden. "We zien het ook in Noord-Holland en in Limburg. Ook daar hebben uitgevers als DPG en Mediahuis titels vervreemd. Het is een trieste ontwikkeling dat daardoor lokale media wegvallen."
"Die kaalslag heeft de controlerende taak van de journalistiek ook op lokaal gebied - denk aan gemeenteraden - uitgedund. De coronapandemie heeft die ontwikkeling in 2020 alleen maar versneld."