Operaasje Fryske Flagge: Bauke Hovinga, in 'Biltker' yn Australië

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike Bauke Hovinga, in 'Biltker' dy't hjoed-de-dei yn Australië wennet.
© Bauke Hovinga
Bauke Hovinga (44) is berne yn Sint-Anne, mar wennet no yn Mackay (Queensland) yn Australië. Dat hy dêr bedarre is, hat alles te krijen mei in learaar fan syn middelbere skoalle. "Doe't ik in de fierde klas fan 't VWO sat, had myn wiskundeleraar mij 'n adres geven fan 'n maisy út Papoea-Nieuw-Guinea om brieven út te wisselen. Myn Ingels waar niet niet heel goed en dus waar dut foor mij de menier om myn Ingels te ferbeteren. Ik skreef 'n brief en kreeg d'r een werom."

Acht jier brieven skreaun

En dat wie noch mar it begjin, want hy hat acht jier lang brieven skreaun en krigen. "Doe hewwe wij op 'n bepaald stoit besloaten om nander te treffen in Australië. En drie jaar later binne wij troud."
De kar om nei Australië te ferhûzjen hat Hovinga eins binnen tsien minuten makke. "'t Waar niet eens soa'n moeilike beslissing. Wij konnen myn frou niet na Nederland krije, dus doe most ik hier maar weg. Fander dat wij besloaten hewwe om naar Australië te gaan. Dat is niet heel feer fan Papoea-Nieuw-Guinea ôf. En der waar 't makliker om 'n baan te finen.
Femily en frynden mis ik 't meest. En 't reedrijen, dat doen wij hier niet, want ik sit hier in de tropen.
Bauke Hovinga, út Australië wei
Yntusken wennet Hovinga al wer mear as 20 jier yn Australië, dêr't er wurket as in soarte help-dokter. "Op 't stoit is myn Ingels beter as myn Nederlâns. Wij hewwe fijf kines, sij groeie hier ok allegaar op. Ik hew al perbeerd om se Nederlâns te leren, maar se prate dochs Ingels. 't Frys en Bildts is wel heel moeilik."
It meast mist hy noch syn famylje en freonen. "Eerst had ik d'r niet goed over nadocht. Maar later kwam ik d'r wel achter, seker met de kines sou 't mooi weze at de femily dichterbij weune sou. Femily en frynden mis ik 't meest. En 't reedrijen, dat doen wij hier niet, want ik sit hier in de tropen."
Bauke Hovinga yn Australië
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.