Mühren nei winst op Excelsior: "Na de 2-2 voelde ik dat we er overheen zouden walsen"

Hoewol't Cambuur it moandeitemiddei in oere lang dreech hie mei Excelsior, stie der nei njoggentich minuten fuotbal úteinlik 7-2 op it skoareboerd yn Ljouwert. Foar de ploech fan Henk de Jong skoarden sawol Ragnar Oratmangoen en Robert Mühren trije kear. Der waard ek noch skiednis skreaun, want it âlde kluprekôr fan 80 doelpunten yn ien seizoen stiet nei de oerwinning op Excelsior op 91 doelpunten. Ek Mühren pakte in rekôr, want noch earder makke in spiler fan Cambuur mear as 29 doelpunten yn ien seizoen. De teller foar de Volendammer stiet no op 31.
Robert Mühren makke trije doelpunten tsjin Excelsior
It âlde rekôr stie op namme fan Harry van der Laan, dy't yn it seizoen 1997-1998 mar leafst 29 doelpunten makke. "Ik blijf daar wel rustig onder, maar ik ben daar zeker trots op", laket Mühren nei de wedstriid. "Dat noemen ze een klein prijsje geloof ik. Mijn doelstelling was dertig doelpunten dit seizoen, maar we weten allemaal waar dit moet eindigen. Ik kan aardig rekenen, maar het ligt natuurlijk aan wat de concurrentie doet. We moeten in principe nog drie potjes winnen denk ik."
Dochs seach it der yn de earste helte net nei út dat de oerwinning sa grut útfalle soe. "God wat waren wij slecht die eerste helft. Hoe dat kan weet ik niet, maar pas bij 1-2 gaan we gewoon weer normaal voetballen. Ja, dan maak je er nog zes in een half uur. En na die 2-2 voelde ik dat ook, zo van, hier gaan we overheen walsen."

Henk de Jong kin genietsje fan syn ploech

Trainer Henk de Jong seach ek dat syn ploech lang muoite hie mei Excelsior: "Ik fûn ús de earste helte hiel min. We wiene net skerp, en dan kinst samar op de kloten krije. Dat dogge dy jonges net bewust, want se spylje alle wiken goed. En Excelsior die it ek wol goed, dêr hiene we it wol lestich mei."
Henk de Jong nei de oerwinning op Excelsior
It lêste heal oere rûn Cambuur úteinlik noch út nei 7-2. "Nei it skoft pakten we it goed op. En as it dan rinnen giet by ús, is it kassa. De wiksels ha it goed dien it lêste heal oere, dan wurdt it sels noch in grouwe útslach. Dan kin it hast noch wol 10-2 wurde. Wannear't myn ploech sa spilet, dan fyn ik dat moai, dêr kin ik fan genietsje."

Doodeman bliid mei assist op Mühren

Oanfaller Nick Doodeman kaam yn de twadde helte yn it fjild foar rjochtsback Doke Schmidt. De Volendammer wie bliid mei it spul yn de twadde helte. "Zij komen in beide helften snel op voorsprong, maar dat hebben we goed omgedraaid. Dat is heel knap denk ik, en zes goals in één helft, dat zie je niet elke dag."
Doodeman joech de foarset dêr't spits Robert Mühren de 2-2 út makke. "Ik ben hier nu een paar maanden, en het wil nog niet echt lukken. Dan is het ook voor mij wel een bevrijding dat die goal valt. Ik gaf hem met links voor en hij kopt hem goed binnen. Dan komt er wat ontlading bij, dat is ook logisch denk ik. Hopelijk leidt het nog tot meer moois."
Nick Doodeman nei de winst op Excelsior