Striemin seizoen Aris set troch, Ljouwerters ferlieze kânsleas fan Yoast United

De basketballers fan Aris út Ljouwert ha moandei ferlern fan Yoast United. Yn Bemmel stie der nei fjouwer kwarten 74-56 op it skoareboerd. Aris wie al útskeakele yn de striid om in ticket foar de play-offs.
© Aris Ljouwert
Dat kaam troch de nederlaach tsjin Apollo fan sneintejûn. Moandeitemiddei waard fan it begjin ôf dúdlik dat Aris dêr ek hielendal neat te sykjen hat. Yn it earste kwart rún de thúsploech al rap út nei in foarsprong fan 21-8. Ek yn it twadde kwart wie it ferskil grut, sadat der by it skoft in tuskenstân fan 40-20 op it boerd stie.
Nei it skoft wie Aris in stik skerper, mar de oerwinning fan Yoast kaam net mear yn gefaar. It fjirde kwart gie noch nei de Ljouwerters (19-15) mar de konklúzje nei ôfrin wie dat Aris ek tsjin Yoast behoarlik tekoart kaam.