Jongerein feroarsaket nachtlike oerlêst yn Stiens

In tsiental jongerein hat yn de nacht fan sneon op snein oerlêst feroarsake yn Stiens. Se wiene oan it razen en smieten mei fytserekken op in skoalplein oan de Ieleane.
© Plysje
De plysje waard om healwei fjouweren hinne alarmearre. Doe't de jongerein de plysje seach, pykten se út. Fiif fan harren koene steande hâlden wurde.
Der wie neat fernield. De baldadige jongerein krige in proses-ferbaal foar it negearjen fan de jûnsklok en waard dêrnei nei hûs ta stjoerd.