Frysk sjongfestival Liet wûn troch Mosken mei 'Leave Lieve'

De Fryske muzykgroep Mosken is winner wurden fan it Frysktalige sjongfestival Liet. De groep bestiet út Bert Steeman, Sjoerd van Kammen en Ronald van den Oudenalder. Mei it nûmer Leave Lieve hellen se 41 punten, fan de 50 dy't se makismaal helje koenen. Douwe Dykstra waard twadde, mei 35 punten.
Sjoch hjirûnder nei in kompilaasje fan de acht finalenûmers, yn twa minuten.
Kompilaasje Liet
Liet is in wedstriid foar it bêste liet dat nij skreaun is yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen.
Sjoerd van Kammen fan Mosken wie tige bliid mei de winst. "Alles kloppe, wy wiene hiel tefreden. Mosken wint dizze bysûndere corona-útfiering fan Liet. Dat is super!"
Oer it liet dêr't se mei wûnen, seit hy: "It liet is aktueel, it giet oer bern en âlders, en weromkomme nei in drege perioade by heit en mem thús."
Mosken
De tekstpriis wie foar Sample Text, mei in liet oer de Fryske taal. Pieter Zijlstra fan Koudum is it brein efter Sample Text. Hy is in leafhawwer fan rapmuzyk, en hy fûn it spitich dat der hast gjin Frysktalige nûmers yn dat sjenre binne.
Neffens de sjuery siet it nûmer Underfining fan Sample Text goed yn mekoar, en wie it oarpsronklik, mei humor, en set it de taal sintraal. Zijlstra hat it nûmer allinne skreun, seit er. Doe't er him oanmelde foar Liet, wiene der noch mar twa kûpletten, mar hy hat der noch in treddenien by skreaun.
"Ik ha Frysk dien as eksamenfak. Dêr kaam de ynspiraasje ek wei", seit Zijlstra. Hy wol meikoarten in nij nûmer útbringe. "Ik ha noch wol wat te lizzen."
Sample Text
Dizze edysje fan Liet hie eins foarich jier al holden wurde moatten, mar fanwege it coronafirus is dat doe net trochgien. Goed fjouwer moannen letter doarde de organisaasje it no wol oan. Foar it earst yn 30 jier wie der gjin publyk by.
De finalisten wiene Janneke de Boer, Fegebart, Douwe Dykstra, MOSKEN, Bokke en de Heidehippers, BANT, Volk!! en Sample Text.
De finale fan Liet waard rjochtstreeks útstjoerd troch Omrop Fryslân telefyzje, fanút it Ljouwerter poppoadium Neushoorn. De útstjoering is noch te sjen op omropfryslan.nl.