Briedende see-earn fersteurd troch drone yn De Alde Feanen

In drone hat woansdeitejûn in see-earn fersteurd yn natoergebiet De Alde Feanen. It Fryske Gea seach de drone op in livestream fan it nêst de briedende fûgel benaud meitsjen.
De see-earn wie neffens de natoerorganisaasje benaud foar de drone en fleach twa kear fuort. De drone soe sels efter de fûgel oan flein ha. Neffens It Fryske Gea kinne de see-earnen yn de tiid dat se briede min tsjin fersteurings. "Het is niet voor niks dat we tijdens het broedseizoen bepaalde gebieden afsluiten voor publiek. De dieren hebben dan absoluut rust nodig."
It is ferbean om sûnder tastimming yn it gebiet te fleanen en in oertrêding kin mei in boete bestraft wurde. It Fryske Gea hopet dat dejinge dy't mei de drone fleach him of har meldt.