Natascha Ausma yn twadde ronde útskeakele op Grand Slam Antalya

Natascha Ausma is sneontemiddei útskeakele op de Grand Slam fan Antalya. De judoka fan Lippenhuzen waard yn Turkije yn de twadde ronde al ferslein. Tsjin de nûmer twa fan de wrâld Shori Hamada rêde Ausma it net op.
© ANP
Ausma die it ferline wike better. Doe wûn se de Grand Slam yn it Geörgyske Tbilisi, yn de kategory oant 78 kilogram. Yn Antalya fersloech se earst de Kongolese Marie Branser, mar yn de twadde ronde kaam se tsjinoer de Japanske Shori Hamada te stean. Ausma moast nei twa minuten ôftikke.