Tsien jier sel easke tsjin man út Toppenhuzen foar deaslach op syn frou

It Iepenbier Ministearje hat tsjien jier sel easke tsjin in 36-jierrige man út Toppenhuzen foar deaslach op syn frou. De man wurdt derfan fertocht syn frou mei messtekken om it libben brocht te hawwen, ein april ferline jier. De fertochte bekende koart nei syn died.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It slachtoffer út Eritreä wie krekt fjouwer moannen yn Nederlân, om mei har twa bern hjir by har man te wenjen. Neffens belutsenen hiene se faak rûzje, sa ek op de dei dat it misgie. Nei't de fertochte syn frou delstutsen hie, naaide er út. Hy belle in begelieder en letter kaam er werom, doe't de helptsjinsten ynskeakele wiene en der besocht waard de frou te reanimearjen. Dat slagge net.

Ferbrânde mobyl

Ut seksje die bliken dat de frou tsien kear stutsen waard. Ek hie se ferskate oare snijferwûningen. By ûndersyk is der in ferbrânde mobile telefoan fûn yn de tún fan it hûs dêr't it pear wenne. Neffens belutsenen soe de rûzje tusken de man en frou oer it mobyltsje gean.
"Volgens de kinderen was deze telefoon eigendom van hun moeder", sei de offisier fan justysje yn de rjochtbank. "De politie heeft geprobeerd om de telefoon te onderzoeken maar vanwege de brandschade is dat niet gelukt." De man hat ferklearre dat er it mobyltsje net werkende en ek net wist wa't it yn 'e brân stutsen hat, mar dat leaut de offisier fan justysje net.
De fertochte is yntusken út de âlderlike macht set.