Plysjeman oanriden op Skoatterlânskewei by Aldskoat

Op de Skoatterlânskewei (N380) by Aldskoat wie tongersdeitejûn in ûngelok tusken in bestjoerder fan in auto en in motorrider. It gie om in plysjeman op de motor. De automobilist kaam by It Hearrenfean wei en ried yn 'e rjochting fan Mildaam. Dêr is er by it ôfslaan yn botsing kaam mei de ynheljende motorrider. De plysjeman is foar de wissichheid oerbrocht nei it sikehûs.
© ProNews
De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok. Ien rydstripe wie tydlik ôfsletten foar it ferkear.