Húsdokters sette útein mei it faksinearjen fan 60- oant 65-jierrigen

Fryske húsdokters kinne tongersdei en freed AstraZeneca-faksins bestelle foar it faksinearjen fan de leeftiidsgroep 60 oant 65 jier. As dat goed ferrint, krije de húsdokters nije wike freed de bestelde faksins binnen. Dy faksins kinne de wike dêrnei prikt wurde by de 60-plussers en kwetsberen.
Husdokters sette utein mei faksinearjen
It is in lytse ferrassing dat de húsdokters al sa rap oan de slach kinne mei it faksinearjen fan de groep 60 oant en mei 64 jier. It komt om't it RIVM besletten hat dat de grutte foarrieden AstraZeneca ferspraat wurde oer it Noarden fan it lân.
De húsdokters yn Fryslân binne der klear foar om dizze minsken te faksinearjen. "We staan te popelen. We wisten natuurlijk al heel lang dat het kwam dus een heleboel voorbereidend werk was al gedaan. Het is nu even een tandje erbij om het ook echt allemaal geregeld te krijgen. De Friese huisartsen zijn er absoluut klaar voor", seit Karin Groeneveld, foarsitter fan de lanlike húsdokterferiening (LHV) yn Fryslân.

Kwetsberen

It giet net allinnich om faksins foar 60-plussers, ek in grutte groep kwetsberen wurdt faksinearre. It giet dêrby om minsken mei it syndroom fan Down en minsken mei morbide obesitas.
Foarsitter Karin Groeneveld fan de Landelijke Vereniging Huisartsen yn Fryslân
It faksinearjen bart op ferskate wizen. Sa kin yn de praktyk faksinearre wurde, mar meitsje guon praktiken ek gebrûk fan de besteande GGD-strjitten. Húsdokterspraktiken yn de omkriten fan Snits, Ljouwert en Drachten, dêr't al prikstrjitten binne fan de GGD, sille dêr de prikken setten. Oare praktiken dy't fjierder fan sa'n strjitte ôf lizze, faksinearje yn in sporthal, lykas yn Akkrum en op De Lemmer.

Gearwurking

Yn Snits en omkriten wurkje de húsdokterspraktiken gear om de minsken sa gau as mooglik te prikken. It giet om húsdokterpraktiken yn ûnder oare Snits, Kollum en Drylts. "We hebben er voor gekozen om het op de GGD-locatie te doen, die is daar al voor ingericht. Daarnaast vonden we het ook een prettige gedachte dat we daarmee een collectiviteit uitstralen. Dat we als huisartsen achter de vaccinaties staan en dat dat de plek is waar we ons laten vaccineren", fertelt Theo Bakker, foarsitter fan it húsdokterskollektyf yn Snits.
Húsdokter Theo Bakker oer it faksinearjen fan Snits en omkriten
Theo Bakker © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Nije wike ûntfange minsken fan 60 jier en âlder in brief fan de húsdokters. "Mensen hoeven niet zelf nu met de praktijk te gaan bellen met de vraag 'wanneer ben ik aan de beurt?'. Je krijgt een brief en in die brief staat welke actie je moet ondernemen en dat kan per praktijk verschillen. Maar wacht even rustig af, die brief komt eraan", seit Groeneveld. Nei alle gedachten krije de minksen yn de twa wiken dêrnei de earste prik.