Eask 15 moanne tsjin âld-Ljouwerter foar seksueel lestichfallen famke (14)

Tsjin in 58-jierrige âld-ynwenner fan Ljouwert is fyftjin moanne finzenisstraf easke fanwege grooming. De man soe him op in chatside foardien hawwe as famke en yn kontakt kommen wêze mei in oar famke. Se giene fierder op Whatsapp en dêr soe er in 14-jierrich famke út de klean praat hawwe.
(Net it famke fan de rjochtsaak) © Creative commons
Doe't de man har frege seksuele hannelingen by harsels te dwaan en foto's fan har geslachtsdiel te meitsjen, warskôge it famke har mem en waard de plysje ynskeakele. Dy spoarde de man op mei help fan syn telefoannûmer.
Op de laptop en telefoan fan de man stie berneporno. Neffens de fertochte hat syn styfsoan dat der by him op set. Justysje leaut dat net. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.