Kollum: "Moddergat"

"Tiisdeitejûn wie ik by Moddergat, op de kwelder fan it Waad. Ik moast dêr wêze foar in putsje, en it hie te krijen mei die kwelder, dus woene we der mei leech wetter wêze. En dat wie krekt yn de oerkes foardat de sinne ûnder gie. Ik hie myn winterjas en in grouwe sjaal meinommen, want ik ha fan myn wurk by Oerol wol leard dat it in skoftke duorret foardat it by see echt opwaarme is. Je kinne alderoergryslikst fernikkelje op Skylge, yn juny. En dit wie ein maart, dus ik makke my klear.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Mar we rûnen in stik de kwelder op, wat no noch mei om't it briedseizoen der noch krekt net is. Ik seach in mûzebiter, biddend boppe my hingjen. Yn in sleatsje mei fan dy typyske Waad-drek rûn in streamke, mei poatôfdrukken fan fûgels dy't dêr iten helle hawwe. Yn 'e fierte seach ik in groep wite fûgels dy't ik net hielendal thús bringe koe. En dêr efter lei Skiermûntseach, mei de reade en wite fjoertuorren. It like wol of it eilân wat optild waard út it wetter.
En de jas koe út. De wyn gie lizzen en it waard stil, rêstich en behaachlik. It wie it earste momint nei de winter foar my dat ik it gefoel hie dat 'bûten' je net mear wat oan dwaan wol, mar omearmet. Ik rûn fierder en seach hoe't fan in boatsje yn 'e fierte dat drûch kaam te lizzen in groepke minsken oer it Waad rjochting de kwelders rûn.
De sinne hong leech boppe it Waad mar skynde noch mei waarmte. It leechste punt fan it wetter moast noch komme, en dan leit in grut part fan it Waad drûch. Dat witte we allegearre wol fansels, mar it bliuwt dochs fenomenaal as je der by binne. Om't de moanne in weach fan kosmyske proporsjes generearret oer de hiele ierdbol, stiet oan ús noardkust mei in ritme fan tolve oeren in gigantysk gebiet drûch. In wetterwrâld dy't efkes bleatkomt. En sa iten leveret oan miljoenen fûgels en oare bisten. It wie sa moai.
Ik pakte myn kamera en besocht om it fêst te lizzen. Ik wie der net allinnich, en in steltsje siet te sjen nei de sinne. Ik hie harren midden yn it alderferskuorrend moaie ljocht, en hope dat ik it peareltsje sketten hie. Op in lytse strykdaam rûn ik noch fierder, oant it fierste punt. Doe't ik stil stie en efkes yn it streamende wetter digere, seach ik fan alles bewegen. En ek wat dat ik noch nea sjoen hie: in skulp dy't oer de modder rûn. Al jierren frege ik my ôf hoe't se dochs byinoar op fan dy bultsjes komme te lizzen. No sa dus, skulpen kinne rinne. Waadrinne.
De sinne skittere yn it wetter. De rêst en de natuer om my hinne hie my suver te pakken, as oft ik yn in parallelle wrâld terjochte kommen wie. En earne wie dat ek wol wat sa: dizze wrâld komt mar twa kear op in dei foar it ljocht, en sok manjefyk ljocht as dizze geweldige jûn, mei sok rêstich waar, is seldsum, en om't it gebiet oer twa wiken ôfsletten wurdt fanwegen de fûgels, plus it feit dat je dan ek noch mar krekt yn Moddergat wêze moatte, betsjut dat dit in unyk barren wie. En ik ha it meimakke.
Thús beseach ik gau hoe't de foto's útpakt wiene. Mar dy foelen my ôf. Ik bin gjin fotograaf, mar ik mien der al wat sjoch op te hawwen, mar de foto's wiene plat, flets en hiene net de belibbing dy't ik dêr sels hân hie. Ik wie teloarsteld yn mysels as fotograaf, en besocht mei in bewurkingsprogramma yn 'e kompjûter der noch wat fan te meitsjen. Mar it waard der net folle better op.
En doe realisearre ik my dat dit net oan 'e foto's lei. Mar oan it feit dat ik wat hiel bysûnders, sels meimakke hie. In momint en in belibbing dy't hielendal net te fetsjen is yn in groepke piksels. Ik freegje my sels ôf of it my yn dizze kollum slagget om oer te bringen hoe't it wie. En wat foar magysk plakje dat Moddergat is, en de Moddergatters ús stikem útgnize as wy wer ris in grapke meitsje oer de namme fan harren doarp. Wachtsje mar, tinke se dan, oant dy earste moaie foarjiersdei, as wy de kwelder noch even yn rinne jûns.
Ik hie ek myn audiorecorder mei. It lûd fan it momint hearst ûnder dizze kollum. Miskien as it sa al slagget om dy mei te nimmen nei de dreamwrâld oan de Fryske kust."