Kollum: "Brêgewipapp"

"Ofrûne sneon gie ynienen de brêge oer de Janesleat by Langwar krekt foar my omheech. Ferrek, dat dogge se fansels tagelyk mei it yngean fan de simmertiid. Simmer wie 't sneon noch net: it waaide hurd, it reinde en hagele. Tige skrousk. Dat waar fan no wie der noch net.
Eelke Lok © Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Likegoed kaam der in boatsje oan. Nee, net in boatsje, in boat. Sa neame we sa'n typyske VVD-flet. Der stie ek in VVD'ster op it foardek. Avine Fokkens. Dik yn de jas, mei bûntkraachje. Se is net hiem op boaten, want se hie almeugende brune learzens oan. Hast sa útwrydsk as dy learzens fan ferkenster Kasja Ollongren.
Dy hie foar it oare inkeld sokke learzens oan om folslein idioate sjoernalisten, dy't sels de stikken yn har taske op de foto sette woenen, yn de nuten te traapjen. Hie se it mar dien. Want doe't dy domme Urkers dat wol dienen by sjoernalistike reptilen, wiene we Ollongren al wer hast fergetten.
Deputearre Avine hie gjin stikkken yn de tas, mar in telefoan. Dêr drukte se op. En ferrek, doe gie de brêge iepen foar har boat. Letter hat se ferteld dat as je by 16 brêgen yn Fryslân op in appke drukke, dat dy brêge iepen giet.
Ik wie ferbjustere. Je steane op in boat, je kinne miskien sels noch wol sitten gean, dan drukke je op in telefoanappkeknopke en hup, de brêge giet iepen. Bjusterbaarlik.
It is dan ek net echt sa. As je op de app drukke giet der in beltsje yn it Swettehûs yn Ljouwert. Dêr wurdt dan immen wekker fan en dy docht dy brêge iepen. It is ek hielendal net nedich. Se ha yn it Swettehûs nammentlik ferbining mei kamera's dy't in goed byld jouwe fan de farwegen ûnder en ferkearsdiken oer de brêgen. As der boaten oankomme, wachtsje se efkes oant de bus deroer is. En ek noch efkes dy trekker fan dy boer dy't lân hat oan de oare kant fan de brêge. Dan iepenje se gol de brêge. Fanút it Swettehûs.
Sa wurkje se yn de beropsfeart al tsientallen jieren by slûzen en brêgen. Dêr brûke se gjin appkes, mar de marifoan. Dat is feiliger. Op appkes drukke dogge je foar de bern. "Sjoch, dan giet de brêge iepen." Of foar Avine.
Dy seit dat al dy boaten foar dy 16 brêgen net mear nei de wâl hoege om op dy reade knop te drukken. Dat hoegde sowieso net, want de brêgewippers yn it Swettehûs sjogge echt alles wol. Want de measte lju ha in soad lijen om de boat by dy knop te krijen. Dy sit meast by wynkrêft 5 op legerwâl. En as je dan hast lizze, begjinne de brêgeljochten te knipperjen en kinne je trochfarre. As je teminsten wer fan legerwâl ôf komme kinne.
It is ek te hoopjen dat wettersporters dy't net sa faak farre, net al op de Aldegeaster Brekken appe dat se troch de brêge by Warkum wolle. Dat duorret noch wol in oere en dan rekket dy brêgewipper yn it Swettehûs wol fan de mik.
Avine iepene it wettersportseizoen mei in appke. Tsja, yn Fryslân docht it waar dat altyd. Neidat se der trochfearn wie, hat de brêge net wer omheech west sneon. Mar goed, hjoed hoege we der net oer yn te sitten dat de brêgewippers har ferfele yn it hokje of yn it Swettehûs.
Dêr betsjinje se no 16 brêgen. Dat wurde der yn de kommende jierren 40. In hiele soad. Benijd hoe't dat gean sil. In brêgewipper kin yn it hokje by de brêge fiele wêr't de wyn weikomt. Se moatte fansels altyd de foar-de-winers earst gean litte, foaral as it hurd waait. No, it siicht net iens yn it Swettehûs. Boppedat hat Piet Kloosterman fan Wergea útlein hoe wichtich oft in eigen brêgewipper yn it hokje by de brêge wêze kin. Dan binne je mear as wipper. En by him hoege je gjin appke te brûken.
En Avine? Kom mar gau fan dy boat. Op nei Den Haag. Begjin in oarloch as se yndied 11 miljard kúb gas út de boaiem fan Tytsjerksteradiel helje wolle. Of in stroomtried troch de natuer op Skier. Hâld de learzens oan en skop dyn partijgenoaten yn de nuten. Dat komt hurder oan as in appke."