PvdA Súdwest-Fryslân freget omtinken foar takomst Snitserdyk
Provinsje Fryslân en gemeente Súdwest-Fryslân hawwe yn maart in ûndersyk opset nei de takomst fan de Snitsersyk (N354) tusken Snits en Ljouwert. Nei oanlieding fan dizze enkête hat de PvdA-fraksje in tal fragen steld oan it kolleezje. De fraksje freget him ûnder oare ôf oft de dyk it ferkear yn de takomst goed oankin en oft de plannen mei de dyk gjin oerlêst opsmite foar guon doarpen op de rûte.

De N354 giet troch it doarp Dearsum en de buorskip Tsienzerbuorren (súdlik fan Reduzum) en neffens de PvdA smyt de dyk aardich wat drokte op. Yn trochsneed ride der no deis al sa'n 11.000 auto's oerhinne.
Tusken oerlêst en trochstream
Foar de ferkearsfeiligens wurde der rotonden en ovatonden oanlein, bygelyks de krúspunten by Easterwierrum en de ôfslach nei Raerd. Mar oan de oare kant freget de partij him ôf oft de trochstream wol goed bliuwt as der tusken Snits en Tsienzerbuorren seis ovatonden oanlein wurde.
De fraksje hopet fierder ek dat der mei it ûndersyk rekken hâlden wurdt mei in fytsferbining, oare diken yn it gebiet en it belûken fan doarpsbelangen, ûndernimmers en sikehuzen.