Kin in sleat dyn hûs ferwaarmje? Dijkstra Draisma docht der in proef mei yn Damwâld

Wetter út de sleat om dyn hûs fan enerzjy te foarsjen; is dat mooglik? Neffens boubedriuw Dijkstra Draisma wol. It docht der in proef mei yn Damwâld en it liket derop dat der mear enerzjy yn in sleat sit as ferwachte. De nije metoade soe in duorsum alternatyf wêze kinne foar ierdgas.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
It idee foar de proef is ûntstien nei oanlieding fan in ûndersyk fan in professor oan de technyske universiteit fan Delft, fertelt Folkert Linnemans fan Dijkstra Draisma. "Die heeft een paar jaar geleden uitgerekend dat er eigenlijk heel veel energie in water opgeslagen zit. En voor de grap zei hij weleens: 'Laten we een Elfstedentocht maken door de sloten te bevriezen en met die energie de woningen te verwarmen'."
It boubedriuw besleat yn gearwurking mei oare organisaasjes in proefopstelling te meitsjen en dy yn in sleat te lizzen. "Gewoon in een boerensloot, naast een boerderijtje", seit Linnemans. De resultaten binne ferrassend. "We zijn positief verbaasd over hoeveel energie er nou eigenlijk in zo'n sloot zit."

Technysk tapasber

De proefopstelling bestiet út in plaat dy't yn de sleat leit. Dêrhinne wurdt in biologysk ôfbrekber 'koudemiddel' fierd dat kâlder is as it sleatswetter. De sleat waarmet it dan op en dêrnei giet it nei in waarmtepomp yn it hûs. Linnemans: "De verwarming met de warmtepomp zorgt er dan voor dat we de woningen warm krijgen."
Safier is it noch net hielendal, mar technysk sjoen kin it allegear. De útfiering moat fansels ek nog yn de regeljouwing passe, seit Linnemans. "Het moet natuurlijk wel allemaal veilig kunnen. En sloten worden gehekkeld, hoe ga je daarmee om? Je koelt de sloot een klein beetje af, wat betekent dat voor de biodiversiteit? Maar technisch gezien is dit nu al toe te passen."
Folkert Linnemans fan Dijkstra Draisma