Troud wurde troch dyn buorfrou: neffens FNP Waadhoeke moat it kinne

Dyn buorfrou, muoike of bêste freon as trou-amtner; as it oan de FNP leit, is it ynkoarten ek yn de gemeente Waadhoeke mooglik om trou-amtner foar ien dei te wurden. Dit makket it mooglik foar breidspearen om har trouwe te litten troch goekunde of famylje, dy't dit oars net by it ein hat.
© Shutterstock
Benammen de eigen kar fan it breidspear om in eigen trou-amtner út te sykjen, is foar FNP Waadhoeke in wichtich argumint om te pleitsje foar dizze regeling yn de gemeente. Op dit stuit is it net foar elkenien mooglik om yn Waadhoeke trou-amtner foar ien dei te wurden. Dit kin allinnich as it om in trou-amtner út in oare Nederlânske gemeente giet en de beneaming en beëdiging net ferrûn binne.
In protte stellen hawwe der ferlet fan om har troudei nei eigen winsk yn te rjochtsjen. It sels kiezen fan in persoan dy't it houlik slút, is dêr ûnderdiel fan.