Biste-ambulânse De Waadhoeke wol feroaring yn wetsartikel: "In bist is gjin ding"

Biste-ambulânse De Waadhoeke wol feroaring yn it wetsartikel dat seit dat in bist in ding is. Ferline wike fûnen meiwurkers fan de biste-ambulânse in deade hardershûnpup op in parkearplak foar frachtweinen. Yn de wet stiet dat it hûntsje sjoen wurde moat as in foarwerp. In ding datst fuortsmite kinst. Dêr moat neffens de biste-ambulânse rap feroaring yn komme.
© Shutterstock
De deade pup dy't ferline wike fûn waard oan de kant fan de dyk, is oanlieding foar de biste-ambulânse om yn aksje te kommen. It is noch altyd net dúdlik wa't it bistje dêr delsmiten hat en hoe't it hûntsje oan syn ein kaam is. Mar de dieder is net strafber neffens de wetjouwing.

Genôch jild foar kremaasje

Der is yntusken genôch jild ynsammele om it deade hûntsje in kremaasje te jaan. Wannear't dy kremaasje is, is noch net bekend. By de kremaasje wol de biste-ambulânse in minút stilte hâlde om oan te jaan dat in bist in weardich ôfskied fertsjinnet.