Auto brânt folslein út tsjinoer plysje-akademy yn Drachten
De brânwacht fan Drachten moast moandeitemoarn om kertier oer achten hinne yn aksje komme foar in autobrân. Op it parkearterrein tsjinoer de plysje-akademy oan de Sportleane gong in auto yn flammen op.

De brânwacht hie it fjoer rap ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat de auto folslein ferlern gong. By de brân rekke nimmen ferwûne.