Mei 230 km yn de oere oer Ofslútdyk nei Fryslân

Op de Ofslútdyk is sneintemoarn in man fan 59 jier oanhâlden, dy't hiel hurd rjochting Fryslân ried. De ynwenner fan de Súd-Hollânske gemeente Hoeksche Waard hie 230 km op de teller te stean, dêr't 100 it maksimum is. De plysje hat syn rydbewiis ynnommen.
© Omrop Fryslân

Steuring

Earder op moarn wie der maleur ûntstien yn de brêge by Koarnwertersân. De brêge woe net mear ticht. It ferkear nei Fryslân koe der net del. Om sawat alve oere koene de auto's wer ride. De steuring is der noch wol, mar it ferkear kin der wer del. It wurdt oer it oare diel fan de brêge laat.