Hoe komt it mei de iepenloftspullen dizze simmer?
It is de fraach dy't elke leafhawwer fan de iepenloftspullen dwaande hâldt. Gean de toanielstikken dit jier troch of net? Ferskate organisaasjes fan iepenloftspullen nimme dochs de gok om in spektakel te organisearjen. Sa ek yn Ryptsjerk, dêr't it yn septimber los sil. "As wy it net dogge, bin ik bang dat ik spyt krij", seit Simone Montsma fan de organisaasje. "Dat wol ik perfoarst net."
Iepenloftspullen
"Sjoch, op dizze greide moat it dan yn septimber los gean." Mei grutte stappen rint Montsma troch in fjild yn Ryptsjerk. It is no noch grien, mar oer in pear moannen moat der genôch mais stean om it stik Maistiid op te fieren. It stik giet oer ferskate famyljes dy't spul mei-inoar hawwe..
"Ferline jier waard alles al ôfsein", sa fertelt Montsma. "Dat kaam doe wol efkes hurd oan, want we hiene alles al klear. Foar dit jier hawwe we dus de gok nommen om it dochs trochgean te litten, want we hawwe it yn prinsipe ek noch te lizzen. We hawwe it gewoan meinommen nei dit jier. De regelingen binne ek feroare, want nei 1 july meist neffens it regear gewoan dingen organisearje. Jo krije dan in fergoeding. It is allegearre wol spannend, mar we gean derfoar."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort en de organisaasje iepenloftspul Ryptsjerk
It ferskowen fan de datum nei 1 july komt foar de organisaasje yn Ryptsjerk moai út, mar yn Burgum hawwe se der minder mazzel mei. "Wy hawwe yn maaie in stik oer Schindlers' List", sa seit Rigt Westerlaan-de Boer. Sy is bestjoerslid fan it iepenloftspul yn Burgum. "Kinst begripe dat it net mooglik is om dan in stik op te fieren. De repetysjes hiene folop dwaande wêze moatten. We binne wol ferantwurdlik foar it publyk en foar de akteurs. Dat is gjin dwaan en dus hawwe we it skrast. Dat docht sear, mar it is net oars."
It stik spilet him ôf efter it molkfabryk yn Burgum. "Dizze liket ek wol in bytsje op dy út de film", seit regisseur Theo Smedes. Hy hat in ferfelend jier efter de rêch. Alle stikken giene net troch. Hy hopet dan ek gau wer oan it wurk te kinnen. "Ik snap de regels wol hear, mar it docht wol sear. Ferline jier kaam it as in bom en no sitst der noch yn. Jo wolle dwaan dêr't jo fan hâlde en dat is it toaniel. Ast dan foar de twadde kear sa'n klap krijst dat it net trochgiet, dan komt dat oan."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort en de organisaasje iepenloftspul Burgum
Yn Jorwert wolle se net langer ôfwachtsje. "Wy sille yn septimber in foarstelling bringe. Hoe dan ek", seit Nynke Eerligh fan Iepenloftspul Jorwert. Ein dizze moanne begjinne se dêrom wer mei repetearjen. Foarearst online. Op de rol stiet de foarstelling Freonen. It stik soe eins ôfrûne jier spile wurde, mar it is trochskood nei dit jier. "Der wurdt wol rekken hâlden mei minder publyk", seit Eerligh. Dêr't oars 500 man op de tribunes sitte, is no plak foar 250.
Wat de finansjele konsekwinsjes dêrfan binne, is noch net hielendal dúdlik, mar spile wurdt der. "Jawis, ek as de maatregels net ferromme wurde of sels stranger binne. We hawwe in alternatyf efter de hân foar it gefal dat", seit Eerligh. "We tinke dêrby oan in teäterdiner yn it kafee. Dat hawwe we it ôfrûne jier al útprobearre en wie doe in boppeslach. Mar ja, dat wurdt dan wol in hiel oare foarstelling as dy't we no foar eagen hawwe."
Iepenloftspullen by Weromrop
Troch de jierren hinne hat Omrop Fryslân faak omtinken hân foar de ferskate iepenloftspullen yn de provinsje. In soad fideomateriaal is te finen op Weromrop. It iepenloftspul fan Dronryp yn 1994 wie it earste dêr't de Omrop yn it nijsprogramma Hjoed ferslach fan die.
It iepenloftspul fan Dronryp yn 1994
Mear reportaazjes út it argyf fan Omrop Fryslân oer iepenloftspullen:
Sjoch foar mear Omrop-argyf op Weromrop.