PvdA'er Habtamu de Hoop jongste lid nije Twadde Keamer

Habtamu de Hoop út Easterein is mei syn 22 jier it jongste lid fan de nije Twadde Keamer. De Hoop, dy't foar de PvdA yn de Keamer komt, skeelt neffens de NOS 46 jier mei it âldste lid, PVV'er Harm Beertema.
PvdA-politikus en presintator Habtamu de Hoop © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Habtamu de Hoop is net it jongste Twadde Keamerlid ea. Dy eare wie foar Farshad Bashir, dy't 20 wie doe't er yn 2008 foar de SP yn de Twadde Keamer kaam. Bashir siet dêrfoar twa jier yn de gemeenteried fan Ljouwert.