Smellingerlân makket tsjerkefisy: wat moat der barre mei religieus erfgoed?

Gemeente Smellingerlân set yn 'e mande mei eigeners en behearders fan tsjerken in saneamde tsjerkefisy op. Dêryn moat stean wat der mei de âlde gebouwen barre moat, no't tsjerkegemeenten lytser wurde en net alle tsjerken mear as Godshûs brûkt wurde.
De 13e-iuwske tsjerke fan Koartehimmen © Wikimedia Commons
De gemeente hat foar de fisy 50.000 euro krigen fan it regear. Yn Smellingerlân binne 33 histoaryske tsjerken en twa kleasters. It ûndersyk moat dúdlik meitsje wat de wearde fan it religieuze erfgoed is foar de mienskip en wat de kânsen en problemen binne. De útkomsten fan de enkête moatte oanlieding jaan ta fierdere stappen.