Kollum: "Siedende kikkert"

"'Vizier op Links' is in anonime groep dy't dizze wike stikkers plakt hat op foardoarren fan minsken dy't útsprutsen links binne. Der stiet op 'GEOBSERVEERDE LOCATIE', dêr't ik in wat brune-himde-assosjaasje by krij. It is in bedriging. Op harren webside steane de meast bespotlike fantasyen oer wat linkse minsken wol net foar eagen hawwe soene. De aksje is yntimidearjend en it hat al fragen yn 'e Twadde Keamer oplevere.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Prominint op harren webside stiet in nijsberjocht fan twa wiken lyn, mei de tekst 'Vanuit dit kapitale Rijksmonument in Friesland, ver weg van de multiculturele samenleving, schrijft Geert Mak zijn boeken en speeches waarin hij PVV-kiezers in achterstandswijken de maat neemt en fascistisch noemt.' Trochklikkend komme we by in pagina mei in ferskaat oan foto's fan wat it hûs fan Mak yn Jorwert wêze moat, wêr't fan sein wurdt dat hy dat yn 2017 kocht hat foar goed seis en in heale ton.
Op himsels kinst fernuvere wêze oer dat Geert Mak net yn de Amsterdamske Indische Buurt wennet - dêr't trouwens trije kear minder op PVV stimd is as yn de gemeente fan Jorwert - mar dizze site giet dúdlik fierder. Want útsein dat se it adres derop sette, juridysk tûk tink ik, fertelle se sawat alles oer it hûs fan Mak. En om it dêrnei te finen is net in soad wurk. Foar linkse minsken dy't al yn Amsterdam wenje ha se ek pagina's, mei safolle omskriuwingen en reade kaders op foto's, dat it wier net yngewikkeld is om dizze huzen ek te finen.
Wêrom moatte we de huzen fine? Neffens 'Vizier op Links' binne der yn alle organisaasjes en ynstitúsjes fan ús lân linkse aktivisten oansteld, dy't alles bepale. Se ha tink ik even de ferkiezingsútslaggen fan de ôfrûne tweintich jier mist, want dit lân is allinnich mar rjochtser stimmen gien, en de lêste ferkiezingsútslach wie gjin útsûndering. Kollega Eelke sei der juster ek al wat oer. Hiel snugger binne se net, en 'Vizier op Links' is dus in groep regelrjochte komplottinkers, fan it gefaarlike soarte.
Geert Mak hat in yntusken klassike biografy skreaun fan Jorwert, dy't útkaam yn 1996. Hy hie doe in skoftke yn it doarp wenne. Ergens fernuveret it my dat hy der no noch wennet, mar ek wer net, want ferspraat troch hiel Fryslân - en no net skrikke - wenje net-Friezen. En sommigen binne links. Sommige Friezen binne sels links. Ik snap dat dit in skok is, mar it kin jo buorman sels wêze. En ik sil der noch wat oer sizze: it is jo saak net. Wat al jo saak is, is dat wêr't Geert Mak as ien fan de earsten oer skreaun hat, en dat is wat der bûten de Rânestêd einliks oan grutte beweging geande is, sûnt 1945. Dat hie hy skriuwe kind yn de Indische Buurt, mar hy keas Jorwert.
Der wurde noch altyd boeken oer skreaun. Nei oanlieding fan 'e ferkiezingsútslaggen wie sosjaal geograaf en skriuwer Floor Milikowski te sjen yn it tv-programma Buitenhof. Se fertelde oer har boek 'Een klein land met verre uithoeken', oer hoe't it misgiet tusken suksesfolle stêdlike gebieten en de kânsearme regio's, mei befolkingskrimp, it ferdwinen fan wurkgelegenheid, en skoallen en sikehuzen dy't de doaren slute moatte. Sa skande, neamt se it. De line fan út 'Hoe God verdween uit Jorwerd' yn 1996 is rjocht troch te lûken nei it no.
Fryslân sit al sûnt 1945 as in kikkert yn in pantsje mei wetter dat stadichoan begjint te sieden. Ik fyn it mei Eelke tige opfallend dat Fryslân sa op Rânestêd-partijen stimd hat. Rjochts wol gjin lytse doarpsskoaltsjes, rjochts wol effisjinte grutte sikehuzen, en rjochts ynvestearret net yn OV yn krimpgebieten. De iennige ferklearring dy't ik betinke kin dat der sa rjochts stimd is, is dat der al in hiel skoft, sûnder ynhâldlike redenen, sa min oer links praat wurdt. En dat elkenien rjochts stimt, om't elkenien rjochts stimt. Ja, sels witte, mar wêrom't it goed foar Friezen wêze soe, ûntgiet my. Om't je net sa'n stikker op je foardoar ha wolle? Dit wjerspegelet 'm dus sels yn waanideeën oer dat Geert Mak net ynvestearje mei yn in hûs yn Jorwert, om't je yn Jorwert op ien of oare manier gjin sjoch op de werklikheid hawwe soene en dat syn hûs observearre wurde moat.
Der komme nije wike fjouwer Friezen yn 'e Twadde Keamer. Dat hiene der op basis fan it tal Fryske kiesgerjochtigen seis west ha moatten. Dus der falt noch wol wat te winnen ûnder de Fryske kiezers. Litte we fan hiel Fryslân ris in GEOBSERVEERDE LOCATIE meitsje."